De toekomst van de kerk

De toekomst van de kerk
Fryslân Dok stuurt een tweetal reportges uit over de toekomst van de kerk.






Yn de kommende tsien jier sille yn Fryslân sa'n hûndert tsjerken slute moatte. Allinnich al yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean foar 2030 teminsten 27 tsjerken ticht, stiet yn in enkête ûnder 129 tsjerkebestjoeren yn dy gemeente. Neffens de Rijksdienst voor Cultureel Erfgoed is dat 'echt heel veel'. Dit blykt út de twadielige dokumintêre 'Tsjerken te keap' fan Fryslân DOK, oer it ôfskie én de takomst fan monumintale tsjerkegebouwen. Saakkundigen ferwachtsje 'een hausse aan kerksluitingen'. Sy hâlde der rekken mei dat it der noch mear wêze sille as dat de sifers no oanjouwe.


Deel 1:Tsjerken te Keap.

Yn 'e tsjerke fan it doarpke Wânswert binne 800 jier lang Wânswerter famyljes doopt, troud en te hôf brocht. Nei in lang en emosjoneel proses nimt de tsjerkemienskip it beslút om de tsjerke oer te dwaan oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.



Klik op de video.


Deel 2: De Takomst

Hokker funksje kinne leechsteande tsjerkegebouwen krije, sadat se ek foar de takomst beholden bliuwe? Fryslân DOK giet op 'en paad mei meiwurkers fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en it Steunpunt Monumentenzorg Fryslân. Yn in Ljouwerter tsjerke sitte no in skoalle en berne-opfang. De tsjerke fan Dedzjum herberget in B&B. Mar net foar ál dy hûndert tsjerken dy't no op 'e merk komme, sil sa'n nije bestimming fûn wurde. De fraach is: moatte jo alles wol behâlde wolle?



Klik op de video
 
terug